|
|
|
Wikipedy:It beneamen fan in sideFoar it beneamen fan in side binne in pear saken fan belang:
[bewurkje seksje] Titels en keppelingsDe titel in side op de Wikipedy wurdt ek brûkt foar de keppelings mei dy side. It dêrom baas en kies in titel dy't ek maklik yn tekst op oare siden brûkt wurde kin.
[bewurkje seksje] Struktuer fan de WikipedyWêz konsekwint en logysk wat de titels fan siden oanbelanget. Tink derom dat de sidebeam dy't Wikipedianen mei-inoar waakse litte logysk fertûke is. Jou op de haadside fan in mêd in dúdlike generale omskriuwing, mar ek in oersjoch fan alle parten en, as dat der net te folle binne, de parten dêrfan. Sa kin de lêzer, troch op dy titels te klikken, sa gau mooglik troch nei syn doelside. Besykje foar siden dy't fan itselde slach binne, ek itselde soarte fan titel te kiezen. Bygelyks, foar alle siden dy't in takson út de biology beskriuwe wurde Fryske nammen brûkt, gjin Latynske. [bewurkje seksje] Likense titelsIt kin barre dat twa siden deselde titel hawwe moatte. Der is bygelyks mear as ien Klaas Bruinsma. Brûk dy titel dan foar in útelkoarhâldside, en jou de twa titels in tafoeging tusken heakjes: Klaas Bruinsma (literêr oersetter), Klaas Bruinsma (drugsbaron). Ien dy't sa'n keppeling oanmakket moat dy al útskriuwe, mar skriuwt op de ein noch in '|', wat dan by it fêstlizzen as gefolch hat dat de namme sûnder heakjes yn de tekst komt. [[Klaas Bruinsma (literêr oersetter)|]] komt as "Klaas Bruinsma" yn de tekst, mar is dan al in keppeling nei de side oer de oersetter.
Om't sa'n tafoeging part fan de titel is, stiet dy yn grutte letters boppe-oan de side, dat de tafoeging moat al yn de tekst weromkomme, leafst yn de earste alinea. [bewurkje seksje] Frysk of lânseigenYn de Fryske Wikipedy wurdt besocht en nim as it kin in Fryske titel foar in side. Dat soe ek jilde moatte foar geografyske nammen, mar dêr binne fansels nochalris gjin Fryske alternativen foar. Der binne no ien kear in soad plakken op 'e wrâld dêr't gjin Fries ea fan heard hat, dat somtiden moat der keazen wurde foar de lânseigen namme. As jo net witte oft der alris immen in Fryske namme brûkt hat foar eat dêr't jo in side oer skriuwe wolle, mar jo hawwe it idee dat de namme al maklik oerset wurde kin, dan hawwe jo in pear helpmiddels om ta in kar te kommen:
As der út ien of mear fan dizze fragen in grûn is foar Frysk, brûk dan it Frysk, mei in trochferwizing fan de lânseigen namme. As der gjin grûn is foar Frysk, dan is it de baas en brûk de lânseigen namme, mei as dat nedich is fremde letters omstavere. [bewurkje seksje] In nije sideAs jo witte wat de titel wurde moat, dan kinne jo in nije side skriuwe: [bewurkje seksje] Sjoch ek |