|
helpmiddels |
Wikipedy:DiskusjelistenIt Wikipedia-projekt hat ek diskusjelisten, foar oerlis bûten de siden fan de Wikipedy om. Hjirûnder wurde de wichtichste neamt.
[bewurkje seksje] Wikipedia-LWikipedia-L is de diskusjelist foar diskusje en oerlis oer richtlinen en oare beliedsaaken dy't it hiele wikipedia-projekt oangeane. Dit is oant no ta de drokste list. Oarspronklik wie dizze list allinnich Ingelsktalich, mar nei't de Ingelsktalige wikipedy 14 novimber 2002 in eigen list krigen hat, WikiEN-l, is it in list wurden foar saken dy't net taalspesifyk binne. Wol is it Ingelsk de wichtichste fiertaal bleaun.
[bewurkje seksje] Wikitech-LWikitech-L is de diskusjelist foar fragen, problemen en suggestjes oer de technyske kanten fan Wikipedia, mei namme de programmatuer dy't it allegear mooglik makket.
[bewurkje seksje] Foundation-LFoundation-L is de diskusjelist dy't brûkt wurdt foar besprekkings oer de Wikimedia Foundation, it oprjochtsjen fan nije projekten en it betinken fan manieren foar it winnen fan ynkomsten. [bewurkje seksje] Oere diskusjelistenDer is ek in oersjoch fan alle Wikipedia-diskusjeslisten. |